Farre op Noarsk skip

04 maaie 2008 - 09:50

De gemeente Harns siket yn it ramt fan de Friese Havendagen begjin juny jongeren dy't meifarre wolle op it Noarske opliedingsskip Sørlandet. De gemeente wol sa mei de Friese Havendagen jeugd in kâns jaan om ûnderfining op te dwaan yn it wurkjen op in skip.

Op it skip is plak foar 30 jongeren fan 15 oant 25 jier. Se meie stjoere, sile en op de brêge sjen, mar dogge ek ûnderhâldswurksemheden lykas dekskrobje en ôfwaskje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)