Farre by de alve stêden del

14 jul 2002 - 00:00

Yn Ljouwert binne moandei 80 jachten en 215 kano's ôfset foar de njoggentjinde Alvestêdefartocht. De reis duorret fiif dagen. By de startbewizen yn 'e Prinsetún wie it dit wykein smoardrok.

De organisaasje, wettersportferiening De Meeuwen yn Ljouwert, is tefreden oer it tal dielnimmers. Se sizze dat it eardere wettersportevenemint Fryslân Fart harren gjin dielnimmers koste hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)