Fargeul Harns wurdt útbaggere

29 apr 2005 - 08:53

De fargeul fan Harns nei de eilannen mei útbaggere wurde fan it ministearje fan Ferkear en Wettersteat. De djipte is no goed 6.50 meter en dat wurdt in meter djipper. De gemeente Harns hat lang by it ministearje oantrune op it útbaggerjen fan de farferbining. De haven fan Harns is dan better berikber foar gruttere skippen. No komt it wolris foar dat grutte skippen fêstrinne yn de fargeul nei de Noardsee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)