Fargeul Harns dochs útdjippe

08 jul 2004 - 10:52

De fargeul fan Harns nei de Noardsee wurdt dochs útdjippe. Dy tasizzing hat de gemeente Harns fan de provinsje krigen.

De djipte is no seis meter sechtich. De provinsje is ree dat yn it Beheersplan Waadsee nei sân meter te bringen. Boargemaster Arlman fan Harns praat tongersdei mei it ministearje fan Ferkear en Wettersteat oer de djipte fan dizze en oare fargeulen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)