Fargeul Flylân is fersterke

12 okt 2007 - 13:52
  • It risiko bestie dat de seedyk yn de fargeul sakke soe.
  • No't de fargeul fersterke is, bliuwt ek de dyk op syn plak.

It wurk oan de fargeul by Flylân is klear. Earder dit jier drige de geul yn te sakjen en dan soe ek de dyk om it eilân mei gean kinne. Rykswettersteat hat de kanten fan de fargeul dêrom fersterkje litten mei sân en stielslakken.

Ut peilings hat bliken dien dat it risiko fan ynsakjen no foarby is. It droechlis-ferbod dat earder ynsteld waard is dêrom opheft. Ek mei der wer Waadrûn wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)