Farferbod yn Fryslân

05 jan 2010 - 14:27

Om de wâlskanten te beskermjen tsjin kruiend iis jildt der fan woansdei ôf in farferbod op de measte farwegen yn Fryslân. Dat hat de provinsje tiisdei bekend makke.

Allinne it Prinses Margrietkanaal, Van Harinxmakanaal, de eastlike en westlike ynfeart fan Ljouwert, de Houkesleat oant en mei de yndustryhavens en de farwei nei Drachten meie noch brukt wurde.It ferbod hat neat út te stean mei it reedriden op natueriis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)