'Farferbod te ûnferwachts'

30 nov 2010 - 16:31

Guon Fryske wetterboubedriuwen binne fernuvere oer it betide farferbod dat de provinsje samar ynienen oankundige hat fanwege de froast. Se waarden op de hichte brocht en koene it wurk dienmeitsje. Tiisdei is yn oerlis ôfpraat dat bedriuwen bygelyks baggerwurk ôfmeitsje meie foarsafier't it froastwaar dat talit.

It ferbod jildt op de measte Fryske wetters, mar net op it Prinses Margrietkanaal en op it Van Harinxmakanaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)