Farferbining Geau-Wâldfeart by Snits pas nei boufak klear

22 maaie 2015 - 13:08

De ferbining tusken it wetter fan de Geau en de Wâldfeart by Snits is pas nei de boufak klear. It projekt Wetterstêd hat fertraging. It sil nei alle gedachten yn augustus iepene wurde. De fertraging hat foaral te krijen mei de grutte flat by de N7. It wetter soe der earst ûndertroch, mar giet der no omhinne.

De ferbining moat it oansjoch fan Snits by de rûnwei del oantrekliker meitsje. Sa komt der in bûlevaar en is it mooglik om mei in boatsje oan te lizzen. Der komme ek nije huzen oan it wetter.

Op it stuit stiet der yn dielen fan 'e nije ferbining al wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)