Farah (22) út Bûtenpost finaliste Miss Earthferkiezing

25 mrt 2016 - 13:29
  • Farah Qureshi

De 22-jierrige Farah Qureshi út Bûtenpost is finaliste yn de Miss Earthferkiezing. De Miss Earthferkiezing is ien fan de fjouwer grutte missferkiezings op wrâldnivo en fergelykber mei Miss Universe en Miss World. De Miss Earth set har yn foar duorsumens en it miljeu. Farah is berne yn Ljouwert en opgroeid yn Bûtenpost.

Se hat earder meidien oan Miss Pakistan World en waard doe twadde. Yn juny is de finale foar Miss Earth Nederlân. Der binne noch fjouwer kandidaten. Yn oktober is de wrâldferkiezing op de Filipinen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)