'Far-as' troch Snits iepene

16 maaie 2008 - 12:37

Yn Snits is freed de fernijde 'far-as' troch de stêd iepene. De binnenstêd fan Snits hat allerhande fasiliteiten foar wettersporters krigen en opknapt. De stêd wol sa mear boatsjeminsken nei it sintrum lokke.

Oan de Pampuskade yn Snits is in nij gebou kaam dêr't wettersporters dûse en nei it húske kinne. Der binne ek nije oanlisplakken bykaam. De opknapbeurt hat dik trije miljoen euro koste. De gemeente en de provinsje ha dat tegearre betelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)