Fans wer nei Parys foar Weening

15 jul 2006 - 16:32

Famyljeleden, freonen en supporters fan Pieter Weening helje de hurdfytser dit jier ek wer op út Frankryk. Se reizigje foar de lêste dei fan de Tour de France nei Parys.

Ferline jier waard Weening op de Champs Elysées ta syn grutte ferrassing troch njoggentich fans opwachte. De Pieter Weening-supportersklub organisearret de busreis út de Harkema wei dit jier ek wer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)