Fans fan PSV bestoke Foppe de Haan mei berjochten

20 apr 2016 - 11:55
  • Foppe de Haan

SC Hearrenfean-trainer Foppe de Haan wurdt bestookt mei berjochten fan PSV-fans, dy't hoopje dat SC Hearrenfean yn de wedstriid tsjin Ajax stunte sil. PSV en Ajax stride om it kampioenskip en PSV grypt alles oan om der foar te soargjen dat sy oan de langste ein lûke sille, mar dat docht Ajax fansels ek.

Under oare de ferneamde fuotbaltwilling Van der Kerkhof reagearje fia twitter: "Zeker tegen Ajax kunnen ze gaan stunten". Foppe de Haan makket it net út wa't kampioen wurdt, as syn ploech woansdei mar wint fan Ajax.

Foppe de Haan krijt brieven fan PSV-supporters, net mei omkeapfoarstellen, mar wol mei hiele ferhalen dat syn ploech syn uterste bêst dwaan moat om Ajax fan de winst en dus fan kânsen op it kampioenskip ôf te hâlden. Eartiids wie Foppe de Haan in grutte Ajax-fan, hy naam syn spilers ek wolris mei nei in wedstriid om se nei it spul fan Ajax sjen te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)