FanoFineFood Oldenzaal ticht

09 des 2008 - 16:00

FanoFineFood út Easterwâlde slút syn festiging yn Oldenzaal. Dêrmei ferlieze 43 minsken har baan. Yn Oldenzaal makket FanoFineFood kant-en-klear-mielen, mar dêr wol it bedriuw mei ophâlde. Se wolle har mear talizze op it meitsjen fan salades, quiches en sauzen.

De direksje besiket foar de minsken út Oldenzaal in oar plakje te finen binnen it memmebedriuw Keninklike Smilde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)