Fano oernommen troch Smilde

08 des 2003 - 00:00

Fano Fine Food yn Easterwâlde wurdt oernommen troch Keninklike Smilde op It Hearrenfean. By Fano wurde slaatsjes, kant-en-klear-produkten en sauzen makke. It fabryk waard ein ferline wike fallyt ferklearre.

De oername troch Smilde makket in trochstart mooglik. Fano wie earder ek al fan fet- en itenswaarkonsern Smilde. Fano hat festigings yn Easterwâlde, Emmen en Oldenzaal. Fan 'e 360 meiwurkers krije 260 in kontrakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)