Fanklubdei De Nije Kast

07 des 2003 - 00:00

De Nije Kast hold sneon in fanklubdei yn muzyksintrum Schaaf yn Ljouwert. Yn de heechtijdagen wiene der 2400 Kast-fans, no binne dat der noch 400. Bûten de provinsje tinke in soad minsken dat De Kast net mear bestiet.

28 oktober kaam de earste cd fan De Nije Kast út. Oant april steane der 25 optredens op it program. Spanner, de band fan âld-Kast-sjonger Syb van der Ploeg, is noch gjin trochslaand sukses.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)