Fangskerm foar salamanders

24 jan 2011 - 13:32

By Noardwâlde wurdt tiisdei in fangskerm pleatst foar salamanders. Sa wurde de seldsume kaamsalamanders holpen by it oerstekken yn Noardwâlde fan de Oosterseveldweg. Meiwurkers fan Lânskipsbehear Fryslân en steatsboskbehear en frijwilligers fan de wurkgroep Reptilen en Amfibyen Fryslân pleatse it skerm.

Wannear't de salamanders oan har jierlikse trek begjinne, komme se fia it fangskerm yn in amer. Frijwilligers sette se sa oer de dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)