Fanfare Minnertsgea wint EK

11 jul 2011 - 16:16

Fanfare Oranje út Minnertsgea is it ôfrûne wykein Europeesk kampioen wurden by de iepen EK foar blaas en showbands. Yn it Dútske plak Rastede bleau de fanfare út Minnertsgea 30 oare bands foar. Mei mar leafst 97 fan de maksimaal te heljen 100 punten mocht de Fryske fanfare it kampioensfindel meinimme.

De Rasteder Muziktage lûke elk jier tsientallen muzykferienings en bands út hiel Europa. Ut Fryslân diene der dit wykein 15 ferienings mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)