Fanfare Constantia yn Menaam yn noed oer de takomst

17 nov 2014 - 15:20
  • Constantia Menaam

Fanfare Constantia Menaam makket him soargen oer syn takomst. Troch it sluten fan kafee de Black Horse en ferieningsgebou De Weme is der net genoch romte foar kulturele aktiviteiten. Dêrtroch moat Constantia foar it kommende konsert útwike nei in âlde gymmestykseal yn it doarp. Dat soarget foar ekstra kosten lykas hier fan stuollen en ferljochting en it regeljen fan de hoareka.

Constantia hopet dat der op termyn in multyfunksjoneel sintrum yn it doarp komt. Doarpsbelang ûndersiket op dit stuit wat dêr de mooglikheden ta binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)