'Fandalistyske jeugd oanpakke'

09 apr 2003 - 00:00

Jeugd dy't de boel fernield by de iepenbiere biblioteek yn Dokkum moat hurd oanpakt wurde. De kommisje maatskippij trunet dêr by it kolleezje op oan. De ôfrûne tiid is foar in pear tûzen euro skea oanrjochte oan it gebou en deromhinne.

Klachten fan buertbewenners by de plysje hawwe neat opsmiten. Om oerlêst yn de takomst tsjin te gean komt de gemeente ynkoarten mei plannen foar in plak dêr't de jeugd telâne kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)