'Fandalismenûmer faker belje'

02 nov 2007 - 10:25

De gefallen fan fandalisme yn Dongeradiel dy't by de gemeente melden wurdt, binne it topke fan 'e iisberch. Dat seit boargemaster Cazemier. Dongeradiel krige twa jier lyn in spesjaal telefoannûmer foar meldings fan fandalisme. Der is yn 'e earste helte fan dit jier 92 kear op belle.

It gie benammen om yllegaal dumpt ôffal, faak bedriuwsôffal. It kostet de gemeente in soad jild om dat op te rêden, seit de boargemaster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)