Fandalisme yn Marsum

02 jun 2014 - 13:34
  • Ynsmiten rút by de skoalle yn Marsum
  • It slot is ûnbrûkber wurden omdat der prikjes yn stutsen binne
  • Stikkenriden fuotbalfjild yn Marsum

Unbekenden hawwe ôfrûne wykein yn Marsum fernielings oanrjochte op it fuotbalfjild fan fuotbalferiening SSS'68 en by basisskoalle De Pôlle. By de trije tagongsdoarren fan de skoalle binne stikjes hout yn de slotten stutsen en is in rút fernield. By de fuotbalferiening is in krekt opknapt fjild stikkenriden.

Foar hoefolle skea oft tabrocht is, is noch net net bekend. Wa't foar de fernielings ferantwurdlik is of binne, is ek net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)