Fandalen oppakt yn Feanwâlden

30 apr 2012 - 10:07

De plysje hat sneintenacht yn Feanwâlden trije jonges oanhâlden fanwege fernielings. It giet om trije ynwenners fan it doarp, twa fan 16 en ien fan 17 jier âld. De plysje kaam de trije op it spoar nei in tip. In tsjûge hie sjoen dat se aaien tsjin ruten smieten en stiennen út in tún hellen.

Doe't de plysjes der by kamen seagen dy dat der ek noch túnferljochting en in brievebus fernield wiene. De plysje ropt minsken dy't troch de trije beneidiele binne op om harren te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)