Fandalen herplantsje beammen

03 apr 2012 - 22:44

Alders fan fandalen yn Wytmarsum ha sels tûzen euro útjûn om de skea dy't harren bern makke ha te beteljen. Twa wiken lyn waarden jonge beamkes oan de Gysbert Japikswei stikkenmakke. De plysje die ûndersyk, mar hâldt dêr mei op neidat der samar 13 nije beammen oanplante wiene. Alders hiene by de pleatslike túnker opdracht jûn foar dizze operaasje. De gemeente Súdwest-Fryslân wie hjirtroch ferrast, omdat it doel wie om oan de dyk nije ipen te plantsjen. Dêr wurdt no in nij plak foar socht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)