Fandalen fervje kemper swart

15 aug 2009 - 16:47
  • De swartmakke kemper (Plysje Fryslân)

De plysje siket tsjûgen fan de fernieling fan in kemper en in auto op 'e Lemmer. Dat moat freed bard wêze op it Brekkense Wiel. De kemper is hielendal ûnder de swarte ferve setten. Fierders is in djoere BMW mei in skerp stik izer bewurke.

De plysje wol graach witte wa't wat sjoen hat. Meldings meie eventueel ek anonym op nûmer 0800 - 7000.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)