Fandalen ferniele twa plysje-auto's op it Cambuurplein

18 apr 2016 - 08:09

De plysje fan Ljouwert hat sneintejûn twa minsken oppakt om't dy twa plysje-auto's fernielden op it Cambuurplein. Plysjeminsken hâlden tafersjoch op de merke dêr. De fertochten hienen mei in stift A.C.A.B. (All Cops Are Bastards) op de ruten fan de auto's skreaun en wienen dêrnei útnaaid. Tsjûgen joegen it sinjalemint fan it duo troch.

De plysje hat de twa, in 20-jierrige Ljouwerter en in 25-jierrige frou út Kollumerlân, oppakt yn in snackbar oan de Grote Hoogstraat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)