Fandalen ferniele iisbaan Boalsert

21 jan 2016 - 20:56
  • De iisbaan fan Boalsert is fernield

De iisbaan fan Boalsert is op 'e nij fernield. De baan hie tongersdei iepen gean moatten, mar doe't it bestjoer oankaam, wie al gau dúdlik dat der net op de baan riden wurde koe. Unbekenden hawwe hiele stikken iis út de baan slein.

De baan wie tiisdei mei help fan in boer ûnder wetter set. Foarsitter Gerben Keuvelaar fan de iisferiening Boalsert is swier teloarsteld. Se hiene al in soad reaksjes hân fan minsken dy't op de baan ride woene, benammen âlden mei bern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)