Fandalen diskobus langer fêst

12 apr 2012 - 15:01
  • Justysje

Trije manlju fan Tsjummearum dy't fertocht wurde fan geweld en fernielings by in diskobus yn Berltsum moatte nochris 30 dagen langer fêstsitte. Dat hat de rjochter-kommissaris bepaald. De manlju fan tusken 21 en 23 jier sitte al twa wiken yn'e sel. Yn de nacht fan 25 of 26 febrewaris stapten se yn Berltsum út de diskobus en krigen se spul mei in groep Harnzers. Der waarden bierfleskes nei de Harnzers stappers smiten en se waarden slein. Dêrneist is in rút fan de diskobus fernield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)