Fandaal oanhâlden yn Ljouwert

10 apr 2011 - 14:00

Yn Ljouwert is in man fan 25 oppakt omdat er in rút fan in bedriuw oan it Suderplein fernield hie. Tsjûgen hiene him sjoen en him en syn maten oanhâlden. Se warskôgen de plysje, mar it slagge har net de trije fêst te hâlden oant de plysje der wie.

De plysje koe de fertochten koart dêrnei wol oanhâlde. Omdat der in goed sinjalemint wie fan de dieder, koe de plysje de 25-jierrige Ljouwerter arresteare. Hy is fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)