Fan wa is de tsjerketoer

28 jan 2009 - 15:17
  • Fan wa it de tsjerketoer fan Feanwâlden?
  • De toer is fan 1648....

Der is argewaasje oer wa't eigner is fan de tsjerketuorren yn Dantumadiel. De tsjerken sizze dat de gemeente dat is. Dy sprekt dat tsjin en seit mar ien toer yn besit te hawwen: dy fan de tsjerke fan Rinsumageast.

De diskusje spilet fanwege de restauraasje fan 'e tsjerketoer fan Feanwâlden. Dy moat foar 50.000 euro opknapt wurde. De gemeente sil dit betelje, mar bliuwt derby dat se gjin eigner binne. It tsjerkebestjoer wol no net langer de flagge útstekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)