Fan Vladivostok nei Skeveningen

28 mrt 2003 - 00:00

Foarsitter Henk Kroes fan de Alvestêdeferiening sil in fytstocht meitsje fan sawat tolvetûzen kilometer. Hy docht dat foar in aksje tsjin polio. Kroes sil mei tweintich oare fytsers fan Vladivostok nei Skeveningen fytse.

De 63-jierrige Kroes hat al in kear njoggentûzen kilometer troch Amearika fytst. Dit wurdt syn langste tocht ea. Kroes is al in jier dwaande mei de tariedings. Ein maaie begjint de tocht, dy't trije moanne duorje sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)