Fan 'swijplicht' is gjin sprake

24 okt 2001 - 00:00

Fan in swijplicht yn de kwestje Van Maaren is gjin sprake. Dat sei loko-boargemaster De Haan by in parsekonferinsje tiisdeitejûn. Riedsleden en wethâlders meie oer it fuortgean fan de boargemaster prate, as it mar gjin skea docht. Dêr stiet in boete fan 50.000 gûne op.

Mooglik wurdt de oerienkomst tusken de gemeente en de boargemaster noch iepenbier makke. Der komt in debat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)