Fan Piter Jelles nei Dockinga

09 des 2004 - 11:12

In learling dy't fan it Piter Jelles Kolleezje yn Dokkum stjoerd is, kin wer nei skoalle by it Dockinga Kolleezje yn itselde plak.De 15-jierrige jonge út De Falom hie trije wike lyn mei 3 oaren it skoalgebou fan Piter Jelles bekladde mei hakenkrusen en rasistyske gjalpen. Ek wiene tal fan auto's bekrast.

De fjouwer jonges woene de fernielings yn de skuon skowe fan ekstreem rjochtse jongeren út Dokkum. De beide skoallen binne it iens wurden oer de oergong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)