Fan ôffal keunstwurk meitsje

09 feb 2010 - 15:28
  • Studinten by de ôffalbulten

Studinten fan it Friesland College hawwe tiisdeitemiddei yn Ljouwert ôffalbulten ôfstrúnd foar brûkber guod. De studinten meitsje fan de ôffalprodukten in boarterstastel en in keunstwurk.

It is de start fan it projekt 'Awareness Afval' yn Fryslân. De provinsje hat subsydzje jûn om skoalbern better bewust te meitsjen fan ôffal. De basisskoalle dy't it meast bewust mei ôffal omgiet krijt it boarterstastel of it keunstwurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)