Fan jild en fyts bestellen

02 des 2013 - 11:47
  • opblaasde pin

In Ljouwerter fan 37 jier is sneintejûn bestellen fan syn jild en fyts. It slachtoffer hie krekt jild pind op de Nieuwestad doe't er bedrige waard mei in skerp foarwerp. De dieder pakte it jild út de hannen fan de Ljouwerter en hat ek de fyts fan it slachtoffer meinaam. De plysje hat noch in Burgernet-oprop dien, mar de fertochte is net mear fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)