Fan Hull nei Harns roeie

17 mrt 2001 - 00:00

Mei in sloep fan Hull nei Harns roeie, is de útdaging fan in ploech fanatike Harnzer roeiers. Trije ploegen fan acht persoanen, dy't elkoar nei fjouwer oeren ôfwikselje, sille de 420 kilometer fan Ingelân nei hûs ôflizze.

De sloep waard sneon yn de Suderhaven te wetter litten. De oertocht stiet pland foar july en duorret 60 oant 70 oeren. Sa'n 30 begelieders folgje mei in boat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)