Fan de dyk ôf troch glêdens

15 jan 2005 - 15:11

Op de Lauwerseewei tusken Burdaard en Aldtsjerk binne sneon troch de glêdens twa auto's fan de dyk rekke. It twadde ûngemak barde wylst de helptsjinsten mei har wurk dwaande wiene by de earste auto.

In frou moast dêrtroch útwike nei de oare baan. Doe kaam der fan de oare kant in auto sûnder ljocht. De frou skeat de feart yn. De bestjoerders fan de auto's rekken net ferwûne. De auto's hiene wol skea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)