Fan 9 oere ôf betelje yn Snits

24 des 2008 - 06:43

Fan ien jannewaris ôf moat der yn Snits fan njoggen oere moarns ôf al betelle wurde foar it parkearen. Dat is no noch 10 oere. It parkeartaryf op de plakken om it Snitser sintrum hinne is yn it nije jier 80 sinten de oere.

Twa jier lyn hat de ried fan Snits besletten dat der elk jier in dûbeltsje by it parkeartaryf opdien wurdt. De auto delsette yn it sintrum fan Snits bliuwt yn it nije jier like djoer: in euro de oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)