Famyljewapens Poptaslot as nij

04 jul 2013 - 16:44
  • Ien fan de famyljewapens yn it Poptaslot.
  • It opknapte famyljewapen yn it Poptaslot

Alle famyljewapens fan it Poptaslot yn Marsum binne nei in opknapbeurt wer as nij. It giet om skylden dy't ûnder oare by de poarte fan it âlde slot hingje. Nei alle gedachten wie der al mear as hûndert jier neat mear oan de famyljewapens dien en alles seach der dêrom wat suterich út. No glânzet alles wer.

Krekt dit jier is alles opknapt, omdat de stichting dy't it behear hat oer it Poptaslot 300 jier bestiet. Dit jier is der ek in eksposysje te sjen oer de tunen fan it Poptaslot.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)