Famyljerûzje yn Lippenhuzen

07 feb 2016 - 09:45

Trije manlju binne sneontejûn oanhâlden op De Gordyk. Se wurde fertocht fan swiere mishanneling. Twa ynwenners fan 24 út Veldhoven en in 27-jierrige man sûnder fêst wenplak wiene belutsen by in famyljerûzje yn Lippenhuzen. Dat rûn út de hân en in 34-jierrige ynwenner fan Lippenhuzen waard dêrby ferwûne.

Nei de melding fan fjochterij by in wenning kaam der in oare melding binnen by de plysje dat twa auto's by De Gordyk fan de dyk rekke wiene. Dêr troffen se in man mei ferwûnings oan de holle oan. De fertochten wiene útnaaid.

Nei in sykaksje waarden se fûn op in yndustryterrein by De Gordyk. Dêr binne de trije oanhâlden. Se binne famylje fan it slachtoffer. De rûzje lei nei alle gedachten yn de relasjonele sfear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)