Famyljelid fertocht fan oerfal

08 nov 2012 - 16:33
  • oerfal

Ien fan de fertochten fan de gewelddiedige oerfal yn Wolvegea is famylje fan it slachtoffer. Der binne trije minsken oanhâlden foar de oerfal fan moandeitejûn op de 72-jierrige man yn syn hûs oan de Van Harenstrjitte. It giet om in frou fan 41 út Grinzer Pein, in man fan 28 út Beilen en in 46-jierrige man sûnder fêst wenplak. De dieders naaiden út mei jild, sieraden en de auto fan de man.

Moandeitejûn waard ek al in frou oanhâlden, sy waard trapearre yn de auto fan it slachtoffer. De plysje wol net sizze wa fan de trije it famyljelid is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)