Famylje v.d. Gun grutsk en bliid

28 aug 2003 - 00:00

De famylje Van der Gun is bot ûnder de yndruk fan alle stipe dy't se ûntfongen hat. Dat sei de famylje tongersdei- temiddei tidens in parsemomint by harren hûs yn Aldeberkeap. Ut it hiele lân wei kamen kaarten, blommen en oare bliken fan meilibjen.

De âlden seinen grutsk te wêzen op har dochter. Se hat har tidens de ûntfiering hiel goed hâlden. It is no belangryk dat de famylje de tiid krijt om it normale libben wer op te pakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)