Famylje Rosier bliid mei stipe

03 sep 2007 - 17:37
  • Brent Rosier

De broer fan de Uruzgan omkommen soldaat Martijn Rosier is bliid mei alle stipe dy't de famylje krijt. Brent Rosier sei dat moandei yn in ynterview mei Omrop Fryslân. Brent soe yn novimber nei Uruzgan ta, mar is der noch net oer út oft er dat nei de dea fan syn broer ek dwaan sil.

Brent Rosier hat syn broer ophelle út Afganistan en seit dat syn broer syn foarbyld wie. Martijn Rosier kaam om it libben troch in bermbom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)