Famylje Minnertsgea:tafersjoch

11 sep 2010 - 16:35

De famylje fan 'e man út Minnertsgea dy't fjouwer jier dea op syn keamer lei stiet ûnder in soarte fan tafersjoch. Dat seit boargemaster Krol fan it Bilt snein yn de earste útstjoering fan KRO's Brandpunt.

De dea fan Rients Wolbers kaam oan it ljocht doe't de wenningstifting it hûs opknappe woe. De twa susters en twa bruorren fan 'e man hawwe fanwege harren leauwen alle foarmen fan help wegere, mar steane neffens Krol wol ûnder in soarte fan tafersjoch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)