'Famylje krijt in soad stipe'

22 maaie 2014 - 16:10
  • Blommen op de sportfjild

De famylje fan it 10-jierrich famke Yrsa dat woansdei omkaam by it ûngelok mei de dug-out yn Twizel is der hielendâl ôf. Dat seit Hinke Elzinga, de muoike fan it slachtoffer. Se ha in soad fertriet en sitte mei de fraach werom't dit gebeure moast.

De famylje krijt in soad stipe, ûnder oare fanút skoalle en it docht har goed dat sa'n soad minsken meiliblje. It famke is thús by har famylje yn Surhústerfean. By it sportfjild yn Twizel wurde in soad blommen lein. Dêr leit ek in kondoleânsjeregister, dat al troch sa'n 200 minsken tekene is.

De bern fan basisskoalle de Bernebrêge yn Surhústerfean krije de kommende dagen alle stipe dy't mar nedich is. Ek foar it team en de âlders stiet help klear. Dat seit Harrie Steenstra, de boppeskoalse direkteur fan Noventa, de koepel der't de Bernebrêge ûnder falt. It famke dat woansdei yn Twizel om it libben kaam by it ûngelok mei de dugout siet yn groep 6. Harrie Steenstra wie woansdei en tongersdei ien fan de minsken dy't holp by de opfang fan de bern.

De fjouwer bern dy't ferwûne rekken, lizze allegear noch yn it sikehús. By it heidefeest yn Twizelerheide hingje de flaggen healstok. De feestkommisje hat dizze oprop dien oan de ynwenners, nei oerlis mei Pleatslik Belang Twizelerheide. Der is besletten dat alles wol trochgiet. Wol wurdt rekken hâlden mei de muzyk oan de kant fan Twizel. Dy wurdt útsetten.

Ek op de sosjale media, lykas Twitter en Facebook, wurdt bot meilibbe mei de famylje en belutsenen. De reaksjes komme út it hiele lân wei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)