Famylje: gjin Hempeniusstrjitte

21 aug 2002 - 00:00

De famylje Hempenius wol net dat der in strjitte ferneamd wurdt yn Bakkefean nei Jelle Hempenius. De twa suskes Rinsma, Janneke en Martine, hienen dat idee betocht.

Se hienen in wurkstik makke oer de man dy't yn de oarloch yn it ferset siet. B en W fan Opsterlân wienen entûsjast oer it idee. De famylje hat lykwols gjin belang by de ferneaming.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)