Famylje De Haan is it lichtste

23 apr 2008 - 23:23

Famylje De_Haan fan Oerterp giet troch nei de finale fan it SBS6-programma De_Afvallers_XXL. Woansdei waard de Fryske foarronde fan it gewicht-ferlies-programma útstjoerd.

Yn alle provinsjes stride fjouwer gesinnen foar in plakje yn de lanlike finale. Dat dogge se troch safolle mooglik gewicht besykje te ferliezen. De famylje De Haan wie sûnt ien novimber meiïnoar 109 kilo ôffallen. Oan it begjin fan de striid woegen se meiïnoar noch 443 kilo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)