Famylje Bolt ferbjustere

17 maaie 2008 - 13:15

Famylje en kollega's fan sjauffeur Klaas-Jan Bolt binne ferbjustere en teloarsteld oer de easken fan de Frânske offisier fan Justysje. Freed waard tsjin Bolt sân jier sel en in ton boete easke.

Broer Hans Bolt neamt de easken 'bespotlik'. Klaas-Jan Bolt wurdt fertocht fan hannel yn drugs en sit al goed trije jier yn foararrest yn Frankryk. Yn de rin fan nije wike wurdt it fonnis yn de rjochtsaak tsjin Bolt en 13 oare fertochten útsprutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)