Famylje bliuwt noch yn Akkrum

11 apr 2012 - 13:36

De Afgaanske famylje Samadi fan Akkrum kin foarearst yn Akkrum bliuwe. Woansdei moasten se har melde yn it útsetsintrum fan Katwyk. Mar minister Leers sil net optrede as se net komme. Der wurdt noch wachte op antwurd op de keamerfragen dy't de PvdA en Grienlinks der tiisdei oer steld hawwe. It 'oanbod' om nei Katwyk te kommen, bliuwt stean, seit in wurdfierder fan Leers.

De famylje moat werom nei Afganistan. It doarp en ek de skoalle fan de jonkjes fan 5 en 4 jier hawwe bot aksjefierd om dat te kearen. Der rinne noch prosedueres.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)