Famkes trappearre by stellerij

28 apr 2010 - 10:35

In groep famkes út Ljouwert is tiisdei oanhâlden. Se woene klean út in winkel oan de Nijstêd yn Ljouwert meinimme. It giet om trije famkes fan 11, 18 en 19 jier. In meiwurkster fan de winkel seach dat de famkes klean yn har tassen stoppen, hâlde se tsjin en belle de plysje. Dy ûntduts dat se folle mear stellen hiene. Yn de tassen sieten ek sieraden en skuon. Der is oanjefte dien.

De famkes binne oerbrocht nei it plysjeburo foar ferhoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)