Famkes stelle út winkels

17 mrt 2011 - 10:48

De plysje yn Ljouwert hat woansdei twa famkes oanhâlden dy't by ferskate winkels guod stellen hiene. It giet om in 15-jierrich famke út Ljouwert en in 17-jierrich famke fan It Hearrenfean. In bedriuwslieder fan in winkel oan it Ruterskertier seach dat it twatal guod meinaam. Hy koe ien fan harren oanhâlde.

It 15-jierrige famke naaide earst út, mar koe letter op strjitte oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)